Gean nei ynhâld
Suwâld Suwâld
← Terug naar evenementen Evenement

Bootcamp

Wanneer
01-09-2026 19:30
Kosten
gratis
Organisatie
De Suderfinne

Ta gelegenheid fan de feestlike iepening fan De Suderfinne jout Jan Visser in ienmalige, gratis bootcamp. It wurdt gjin gewoane training, mar in sportive tocht dêr'tst Suwâld op in ferrassende en kreative wize ûntdekst. Underweis steane beweging, útdaging en wille sintraal.

Elkenien kin meidwaan, ûnôfhinklik fan ûnderfining of kondysje. Doch sportklean oan, nim in fleske wetter mei en ûntdek Suwâld yn beweging!

Foarôf opjaan is net nedich